Dieven stelle radiator mei 45 kilometerweintsje

04 mrt 2019 - 12:03

De plysje is op syk nei twa manlju dy't ferline wike yn Lekkum oan de Buorren in radiator stellen hawwe. De radiator stie tydlik bûten om't der by it slachtoffer in houten flier lein waard. De beide fertochten namen de radiator mei yn in 45 kilometerweintsje.

De foto is net fan de betreffende 45 kilomerwein. It giet om in griis eksimplaar. - Foto: ANP Foto

In buorfrou fertroude de saak net doe't in man fan tusken de 40 en 45 jier mei blond hier en krultsjes har frege oft de eigener ek thús wie om't er in ôfspraak mei him hie. In heal oere letter kaam er werom yn syn grize 45 kilometer-weintsje. Doe't der in twadde keale man fan deselde leeftiid by de radiator kaam, hawwe se mei syn beiden it apparaat ynladen yn it autooke.

Gouden tip

De eigener hat oanjefte dien fan de dieverij. Hy seit ta de gouden tip, dy't liede kin ta de oanhâlding fan de twa fertochten, te beleanen. Neffens de buorfrou hie de earste fertochte mei krultsjes hier opfallende ynfallen wangen.

Trefwurden: 
stellerij Lekkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)