Mear drokte bij Dokterswacht

01 jul 2012 - 10:49

De dokterswacht yn Fryslân hat yn 2011 dik 73.000 konsulten op de húsartsepost hân en in lytse 63.000 oer de telefoan. Yn hast 19.000 gefallen hat de dokter foar in spoedgefal op jûntiid of yn it wykein by in pasjint thús west. Dat docht bliken út it jierferslach.

Yn alle trije gefallen hiene mear minsken ferlet fan de Dokterswacht as it jier derfoar. Dat komt mooglik trochdat mear húsdokters har by de Dokterswacht oansletten ha. Dat oantal groeide fan 262 yn 2010 nei 271 ferline jier. It tal klachten oer de Dokterswacht groeide licht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)