Romke de Jong: "It is tiid foar ferjonging yn de Steaten"

04 mrt 2019 - 11:29

Se komme der oan: de Provinsjale Steateferkiezingen. Woansdei 20 maart kin der foar dy ferkiezingen stimd wurde. Alle dagen kriget in listlûker fan in dielnimmende partij de kâns om him of har foar te stellen. As earste is Romke de Jong, D66-listlûker, oan bar.

Romke de Jong - Foto: D66 Fryslân

Namme: Romke Harke de Jong

Leeftiid: 34

Wenplak: De Gordyk

Berop: ûndernimmer

Hobby: reedride

Partij: D66

Lid sûnt: 2000

Besjoch it partijprogramma fan D66.

Romke, sizze wy do of jo?

"Do fansels, ik bin krekt wat âlder as tritich jier."

Wêrom bisto listlûker wurden? Wêr kinsto it ferskil meitsje?

"Ik fyn it wichtich dat elkenien meidwaan kin yn Fryslân. Nei acht jier yn de gemeenteried fûn ik it tiid foar in nij perspektyf. Yn de Steaten sjoch ik foar ús partij in soad kânsen lizzen de kommende jierren. Foar de feangreide, mar ek foar mear jild foar kultuer."

Wa is dyn grutte politike foarbyld? En wêrom?

"Dochs wol Gerrit Ybema; in sterk politikus yn it lân en hiel belutsen by Fryslân."

Wat is it earste dat der feroaret as dyn partij yn it kolleezje komt?

"Dat klimaat in spearpunt wurdt. Wy moatte no wurkje oan de takomst fan Fryslân. Oan ús lânskip, de fûgels en de natuer."

Wy moatte no wurkje oan de takomst fan Fryslân.

Romke de Jong fan D66

Wat fynsto fan de stelling: 'De provinsje kin as bestjoerslaach wol ôfskaft wurde'?

"Dat fyn ik in grutte stap, mar as gemeenten fierder groeie, moatte wy kritysk nei ús eigen rol sjen. Mear taken fan de provinsje kinne nei grutte gemeenten ta. Wy moatte ús sels net oan it wurk hâlde."

Hoe wol dyn partij de Fryske befolking mear belûke by de provinsjale polityk?

"Digitale fernijing, mei mear polls, soe helpe kinne om mieningen út de mienskip te heljen. Mar ek in korrektyf referindum, wêrby't wy nei de tiid dochs noch in beslút hersjen kinne."

Wurdt dyn partij of jim kampanje ek sponsore of finansjeel stipe troch bedriuwen?

"Nee, wy hawwe in hiel lyts budzjet, mar mei in soad entûsjaste frijwilligers komme wy in hiel ein."

Mear taken fan de provinsje kinne nei grutte gemeenten ta.

Romke de Jong fan D66

Fertel ris wat oer dysels dat net ien wit...

"Myn soan Nanne (5) is gek mei LEGO en einliks fyn ik dat sels miskien wol krekt sa moai as hy."

Foar hokker Frysk streekprodukt meie wy dy yn de nacht wekker meitsje?

"Foar iis. Ik bin per slot fan rekken iiskoman en ús iis is makke mei allerhanne yngrediïnten út de streek. Dêr wurd ik bliid fan."

Wêrom moatte minsken op 20 maart op dy stimme?

"It is tiid foar ferjonging yn de Steaten. Tiid dat wy in kar meitsje oer de takomst fan ús lânskip. Tiid dat duorsumens foar eltsenien berikber wurdt."

D66-lijsttrekker Romke de Jong

Op woansdei 20 maart kinsto stimme foar de Provinsjale Steaten. Tagelyk wurdt der ek stimd foar de Wetterskipsferkiezingen. Noch gjin idee op wa'tst stimme silst? Doch de Stimwizer en lês alles oer de ferkiezingen op ús webside Omropfryslan.nl/ferkiezingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)