Drinkeling yn it wetter by Van Harinxmabrêge yn Ljouwert

04 mrt 2019 - 09:59

By de Van Harinxmabrêge yn Ljouwert is moandeitemoarn in persoan yn it wetter rekke. De helptsjinsten hawwe de drinkeling út it wetter helle. Ek de traumahelikopter waard oproppen, mar hoegde net yn aksje te kommen. It slachtoffer is behannele troch it ambulânsepersoniel.

Foto: SR Fotografie
(advertinsje)
(advertinsje)