Drokte op bouplak fan it nije Marijke Hiem

04 mrt 2019 - 08:46

Nei de sloop fan it âlde fersoargingstehûs Marijke Hiem op It Hearrenfean wurdt der op dit stuit hurd wurke oan de nijbou fan it soarchsintrum fan soarchgroep Meriant. Der komme njoggentich wenplakken foar minsken dy't in soad soarch nedich ha, lykas minsken mei Alzheimer.

Drokte op bouplak fan it nije Marijke Hiem

Om't dizze minsken faak langere tiid yn Marijke Hiem bliuwe, wurdt besocht om it gebou in hûskeamergefoel te jaan, sadat minsken harren gau thús fiele. It nije soarchsintrum bestiet aanst út tsien wenblokken mei hofkes en in soad grien, sadat der mear mooglikheden foar bewenners binne om bûten te sitten. Der komme boppedat in kapper en fysioterapeut yn it gebou.

"Wy ha in wykfunksje", fertelt Yvonne van der Hof, manager fan Marijke Hiem. "Minsken út de omjouwing kinne hjir ek komme om te iten, nei de kapper te gean of mei te dwaan oan aktiviteiten."

Bauke Deelstra by Marijke Hiem

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Domoatika

Der wurdt stevich ynset op domoatika; technology om bewenners sa selsstannich mooglik libje te litten. "Tink oan in horloazje om te sjen wêr't in bewenner is", jout Van der Hof as foarbyld.

Yn it nije gebou komme tsien wengroepen, mei elk njoggen sliepkeamers en in hûskeamer. De hofkes binne skeakele en bringe minsken nei ferskate lokaasjes, mar sûnder dat bewenners ferdwale kinne. "Dizze minsken ha ferlet fan struktuer. Dêr besykje wy foar te soargjen", fertelt Ronald van der Meer, adviseur fan it nijbouwprojekt.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Bauke Deelstra yn petear mei Ronald van der Meer

Fanwege de nijbou is Marijke Hiem tydlik ticht. De bewenners binne ûnderbrocht yn soarchsintrum Herema State op It Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)