Kollum: "Bevergeil"

"FrieslandCampina past syn fla oan, nei in klacht oer it ûntbrekken fan fanylje. Dat berjocht kaam ik ferline wike tsjin op de Omrop-site. Wat blykt; de Reclame Code Commissie fûn de ferpakking fan Optimel fanyljefla misliedend, om't der gjin fanylje yn dizze fla sitte soe. En dus wie it yn striid mei de wet. Tenei sit der wol fanylje yn dizze brij, seit FrieslandCampina ús ta. Mar oft it dêr wier smaakliker fan wurdt, freegje ik my ôf.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De toan fan Nynke van der Zee
Fanylje wurdt nammentlik makke fan 'bevergeil'. Ja, hearst it goed. De smaak fan fanylje wurdt makke fan it geurstofke dat bevers brûke om harren territoarium mei te markearen. Dizze geur kin it bêste omskreaun wurde as in kombinaasje fan skuonsmaroalje en sikehûsgeur. En no komt it; de geur wurdt ôfjûn troch twa klieren by de anus, de saneamde anaalklieren. Rint it wetter jim al yn 'e mûle?
Ik wie altyd gek op fanylje-iis. Mar sûnt ik dit wit, leit de bak mei fanylje-iis noch altyd yn de friezer. Ik moat elke kear as ik de iiskast iepenje, tinke oan de anaalklieren fan in bever. Dus foar my is de wille der wol wat ôf. Net mear jûns lekker foar de telefyzje mei in bak iis op 'e skoat. Gjin Dame Blanche mear yn it restaurant. En sels de hearlike milkshakes fanylje lit ik tenei stean.
Gelokkich hiene wy ek noch in bak mei ierdbeie-iis yn de friezer stean. Dus dat waard al rap myn nije favoryt. Oant ik lies dat ek dêr in stofke ynsit dat dyn sin oan iten net echt befoarderet. Yn ierdbeie-iis sit nammentlik skatool. En dat stofke komt út 'e stront fan bargen. Ja wier.
Sjelatine, noch sa'n lekker neigesetsje. It wurdt brûkt om fan dy hearlike drilpuddings te meitsjen. Mar sjelatine wurdt makke fan de bonken en hûd fan bargen en kij. En de reade kleurstof fan it puddinkje; dat binne stampte luzen.
Yntusken hie ik de smaak te pakken yn myn syktocht nei noch mear fan dit soart ûnsmaaklike yngrediïnten yn ús iten. En ik kaam in hiele boadskippelist tsjin. Hast bygelyks wolris heard fan L-cysteine? Dat is in produkt dat brûkt wurdt om daai foar koekjes en bôle wat steviger te meitsjen. Mar L-cysteine is eins gewoan minskehier. Of - en ik wit net oft it dêr better fan wurdt - einefearren.
Op it boadskippelistje stiet ek fisklym. Dit heart al net sa smaaklik, dat jou ik ta, mar de namme seit yn elk gefal earlik wêr't it wei komt. Fisklym is in poeier makke fan de blaas fan in fisk en wurdt brûkt om bier en wyn helderder fan kleur te meitsjen. 'Heerlijk helder Heineken.' No snap ik yn elk gefal wêr't dy pissmaak weikomt.
Der wie noch in folle langere list mei yngrediïnten dy't in net al te smaaklike komôf hawwe, mar ik bin healwei ophâlden mei lêzen. Ik kin yntusken wol hast de helte fan de ynhâld fan myn kuolkast fuortsmite. Mar it goeie nijs is fansels dat tenei yn de Optimel fanyljefla fan FrieslandCampina bevergeil sit. Wy wurde net langer foar it lapke hâlden. Dus foar wa't no oan de fanyljefla sit; lekker ite!"