Rappe help by in hertstilstân hieltyd better regele yn Fryslân

04 mrt 2019 - 07:26

De kâns om by in hertstilstân rap holpen te wurden yn Fryslân wurdt hieltyd grutter. Dat meldt de Hartstichting. Yn Fryslân binne der hast 1000 AED's beskikber en binne der boppedat sa'n 10.000 boargerhelpferlieners, dy't witte hoe't se mei dit apparaat omgean moatte.

In AED-apparaat - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Benammen yn Ljouwert en Súdwest-Fryslân is de dekking goed. Ek op de Waadeilannen binne der genôch AED's en helpferlieners oanwêzich. Fan alle provinsjes yn Nederlân stean Noard-Brabân, Gelderlân en Limboarch der it bêste foar.

Oerlibbinsgkânsen

Alle jierren krije sa'n 17.000 minsken yn Nederlân in hertstilstân. As der binnen 6 minuten start wurdt mei in reanimaasje is de oerlibbingskâns it grutste.

(Advertinsje)
(Advertinsje)