Fryske steateleden yn middenmoat as it giet om oanwêzichheid by fergaderingen

Tegearre mei de NOS en de regionale omroppen hat Omrop Fryslân yn kaart brocht hoe faak leden fan de Provinsjale Steaten oanwêzich wiene by de gearkomsten de ôfrûne termyn.
Gearkomste fan de Provinsjale Steaten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It fersom fan steateleden yn Fryslân wie yn de perioade 2011-2015 4,4 prosint. Yn de perioade dêrnei wie dy eksakt lyk bleaun. Yn fergelyk mei oare provinsjes sit Fryslân dêrmei yn de middenmoat. De Limboargers hawwe it grutste fersom: 7,6 prosint.
© Omrop Fryslân
Harry Balgobind fan de PvdA miste acht kear in fergadering. Hy wie siik en hat him yn maaie 2018 ferfange litten. Ek Pieter Kraaima (SP) hat acht kear ôfwêzich west. Dat komt troch swiere hertoperaasjes. Hy is noch wol aktyf as steatelid.

Lanlike sifers

Yn Fryslân binne de PvdA en de SP de partijen dy't per sit de measte stimmingen mist ha. Fan de PvdA wie 21 kear in lid ôfwêzich by de fergadering. Fan de SP 13 kear. Ek lanlik stean de SP en de PvdA heech yn it absinsjelistje. Dêr wurde se allinnich oertroffen troch de lokale partijen en de ChristenUnie/SGP.
De NOS en de regionale omroppen ynventarisearren de absinsje op basis fan de presintaasjelisten fan de Steatefergaderingen fan ein maart 2015 oant en mei desimber 2018. By de berekkeningen is rekken hâlden mei hoe grut de fraksjes binne (hoefolle sitten hat in partij?) en de omfang fan de Steaten (út hoefolle sitten bestean de Provinsjale Steaten?). Dêrtroch binne de útkomsten fan de ferskate provinsjes en partijen goed mei inoar te fergelykjen.