Ingelân nimt Frysk skoalfoarbyld oer en start mei Old Frisian Summer School

Yn july dit jier wurdt yn Ingelân foar it earst in Old Frisian Summer School hâlden. It is in gearwurking tusken de Ryksuniversiteit Grins en de universiteit yn Oxford, ien fan de meast foaroansteande universiteiten op 'e wrâld. De simmerskoalle moat de ferwantskippen tusken it Frysk en Ingelsk nei foaren helje.
skoalleboerd © Shutterstock.com
Inisjatyfnimmer Anne Popkema fan de Grinzer universiteit hat der sin oan en ferwachtet dat de studinten in soad opstekke sille fan de Summer School. "Der binne in soad lûden yn it Frysk en it Ingelsk dy't hast gelyk binne en dat is gjin tafal. Dat komt fan lang lyn, doe't wy buorlju wiene. Dat wit net elkenien. Studinten leare Aldfrysk oer te setten en ûntdekke alles oer de skiednis fan it Aldfrysk en Aldingelsk."
Earste oanmeldings
Der is plak foar njoggen Nederlânske en sechtjin Ingelske studinten. Dy krije in wike lang lessen en lêzingen oer it Aldfrysk, mar ek in rûnlieding troch de universiteit. In jier letter is de Summer School yn Grins. Dan is der plak foar sechtjin Nederlânske en njoggen Ingelske studinten. Popkema: "Wy wolle dit twa jier lang besykje om te sjen hoefolle ferlet der fan is. Wy ha de earste oanmeldings al binnen."

Kosten

De kosten om mei te dwaan binne lykwols frij heech: 660 euro. Popkema: "Dat is seker in bulte jild. Dat is ek de reden dat wy op syk binne nei fûnsen om studinten dy't meidwaan wolle te helpen by it finansjieren fan de kosten. Dizze fûnsen kinne har by ús melde."
Anne Popkema oer de Summer School