Sven Kramer: "Ik ha it gewoan fergriemd op de 500 meter"

Dat Sven Kramer net striidt om de wrâldtitel allround, mar om in poadiumplak, moat er sels ek even oan wenne, sei er nei ôfrin fan it toernoai. "Leuk is oars, mar dan moatst der mar it bêste fan meitsje." De njoggenfâldich wrâldkampioen waard yn Calgary tredde.
© ANP
Op de ôfslutende 10.000 meter ried Kramer tsjin klassemintslieder en ploechgenoat Patrick Roest. It doel fan Kramer wie om Roest oan de titel te helpen. De Fries waard úteinlik fjirde op de 10.000 meter. Oft er hurder kind hie? "Dat docht der eins net ta. Al soe ik hjir 12.45 ride, dan noch hie it net genôch west." En dus ried er yn tsjinst fan Roest. "Dat ha ik sa lang as mooglik dien."

Fergriemd op de 500 meter

Kramer moat it dus dwaan mei brûns. Dat is better as in jier lyn, doe't er fjirde waard. Dit jier hie er wol wer meidwaan wold om de titel, mar dat siet der al gau net mear yn. "Ik ha it gewoan fergriemd op de 500 meter", sei Kramer.
Hoe sjocht Kramer werom op it seizoen? "In dreech begjin, mar in hiel moaie perioade om kryst en âld en nij hinne mei in Europeeske titel. Dat wie foar my de befêstiging dat it dochs noch kin."

Noch hiel fragyl

"It is allinnich noch hiel fragyl, dat moat better." Dêrmei doelt Kramer op syn rêchblessuere, dy't benammen yn it begjin fan it seizoen problemen opsmiet. "Dêrtroch rinst hieltyd efter de feiten oan. Sa'n blessuere yn de winter is hiel dreech om te fiksen."
"Ik sil no earst mei fakânsje en mysels even wat rêst gunne", slút Kramer ôf.