Sven Kramer tredde op WK allround, Douwe de Vries fjirde

03 mrt 2019 - 23:25

Sven Kramer is foar de tolfde kear yn syn karriêrre op it poadium einige op in WK allround. De Fries, dy't njoggen kear kampioen waard, pakte yn Calgary in brûnzen medalje. Douwe de Vries waard fjirde. De titel wie foar Patrick Roest, dy't ek de ôfslutende 10.000 meter wûn.

Foto: ANP

Kramer siet yn de lêste rit fan de 10.000 meter, tegearre mei klassemintslieder en ploechgenoat Patrick Roest. De twa giene lang gelyk op, mei rondetiden dy't behoarlik hinne en wer giene. Mei noch goed twa kilometer te gean fierde Roest it tempo op en moast Kramer him gean litte. Roest wûn de 10 kilometer yn 12.51.17 en joech dêrmei syn titel noch wat ekstra glâns. Kramer waard úteinlik fjirde op de slotôfstân yn 13.00.93.

In rit earder ried Douwe de Vries tsjin Sverre Lunde Pedersen. Ek yn dy rit bleaune beide riders lang by-inoar yn de buert. Uteinlik rûnen de rondetiden fan De Vries hieltyd in bytsje mear op, wylst Pedersen hieltyd krekt wat flugger gie. Pedersen ried 12.56.91, in persoanlik rekôr, mar dat wie net genôch om Roest yn te heljen yn it klassemint. De tiid fan De Vries wie 13.01.44. Hy waard dêrmei fiifde op de 10 kilometer.

Einklassemint WK allround

# Namme Lân Efterstân
1. Patrick Roest Nederlân
2. Sverre Lunde Pedersen Noarwegen 10.28
3. Sven Kramer Nederlân 28.02
4. Douwe de Vries Nederlân 39.78
5. Ted-Jan Bloemen Kanada 1.01.38
6. Sindre Henriksen Noarwegen 1.29.68
7. Danila Semerikv Ruslân 1.44.52
8. Haralds Silovs Letlân 1.54.12
(advertinsje)