Antoinette de Jong bliid mei brûns, mar "it moat noch folle hurder"

03 mrt 2019 - 22:42

Reedrydster Antoinette de Jong, altyd kritysk op harsels, is bliid mei har brûnzen medalje op it WK allround. "Ik bin hjir hiel tefreden mei. Hopest fansels op bettere races, mar oer fjouwer ôfstannen sjoen mei ik hjir hiel bliid mei wêze. Dat bin ik ek."

Foto: ANP

It nivo wie heech yn Calgary. De Jong hie it gefoel dat se sels net op har bêst wie. "Elkenien rydt hjir hartstikke hurd en ik wie dit wykein even wat minder. It wie net echt myn wykein, mar ik ha wol alles derút helle. It hie better kinnen, mar ik stean efter twa echte toppers." Dêrmei doelt se op Martina Sáblíková en Miho Takagi, dy't earste en twadde waarden.

"Ik hie krekt net de snelheid", seit De Jong oer har wykein yn Calgary. "It koste allegear krekt wat te folle muoite. Dan hast krekt net de timing en de enerzjy."

Werom- en foarútsjen

Se sjocht ek alfêst werom en foarút. "Ik ha dit seizoen superfolle persoanlike rekôrs riden, mar it moat noch folle hurder. Ik bin bliid dat ik it sa ôfslute koe. En no kommend seizoen de rêst hâlde en hammerje op technysk better wurde."

(advertinsje)
(advertinsje)