Brûns Antoinette de Jong op WK allround, Ireen Wüst njonken poadium

03 mrt 2019 - 22:13

Antoinette de Jong hat de brûnzen medalje pakt op it WK allround yn Calgary. Ireen Wüst waard fiifde. Op de tige spannende ôfslutende 5.000 meter fergrutte De Jong har foarsprong op Wüst noch in bytsje. De titel wie foar Martina Sáblíková út Tsjechië, dy't in grutte efterstân op de Japanske Miho Takagi goedmakke.

Foto: ANP

Op de 5.000 meter yn de Olympic Oval ferbettere Sáblíková boppedat har eigen wrâldekôr: 6.42.01. Dat is 0.65 rapper as de âlde rapste tiid ea. Takagi, foarich jier wrâldkampioene, hie foar de lêste ôfstân noch in foarsprong fan 14.99 sekonde, mar se hie úteinlik 20.71 sekonde mear nedich as Sáblíková op de 5.000 meter.

De Jong relatyf flak

De Jong waard op de 5.000 meter fiifde yn 6.56.26, in persoanlik rekôr. Se seach har rondetiden stadichoan oprinnen, mar net te bot. De lêste acht rûntsjes sieten allegear tusken de 33.1 en 33.6.

It is de twadde kear dat De Jong brûns pakt op in WK allround. Yn 2016 slagge har dat ek. De ôfrûne twa jier einige de 23-jierrige Rottumse as fjirde.

Te rap de 33'ers yn

Wüst siet mei Takagi yn de lêste rit. Sy begûnen noch stabyl, mar giene te rap de 33'ers yn. Wüst (6.59.80) en Takagi (7.02.72, noch wol in persoanlik rekôr) einigen as sânde en achtste op de 5.000 meter. Wüst waard dêrtroch yn it klassemint noch passearre troch Carlijn Achtereekte.

Einklassemint WK allround

# Namme Lân Efterstân
1. Martina Sáblíková Tsjechië
2. Miho Takagi Japan 5.72
3. Antoinette de Jong Nederlân 15.34
4. Carlijn Achtereekte Nederlân 17.15
5. Ireen Wüst Nederlân 19.25
6. Isabelle Weidemann Kanada 31.59
7. Maryna Zuyeva Wyt-Ruslân 32.85
8. Natalia Voronina Ruslân 39.05
(advertinsje)