Kramer rydt goede 1500 meter, mar sjocht Roest en Pedersen útrinnen

03 mrt 2019 - 21:29

Sven Kramer is snein op de 1500 meter op it WK allround tredde wurden yn 1.43.87. Hy bliuwt op it tredde plak yn it klassemint stean. Douwe de Vries waard op de Olympic Oval yn Calgary fiifde yn in persoanlik rekôr: 1.44.24. Hy stiet fjirde yn it klassemint.

Patrick Roest en Sven Kramer - Foto: ANP

De 1500 meter waard wûn troch Sverre Lunde Pedersen út Noarwegen. Hy sette in tiid fan 1.43.11 del. Patrick Roest waard twadde yn 1.43.31. De kopposysje yn it klassemint is noch foar Roest. Pedersen stiet twadde.

"In misserke is sa makke"

"Ik bin net ûntefreden", sei Kramer nei de 1500 meter. "De 'schoonheidsprijs' fertsjinne it net, mar dat hoecht ek net altyd."

Kramer stiet, mei noch ien ôfstân te gean, op it tredde plak. Syn efterstân op de 10.000 meter is 18.26 sekonde op Roest en 13.72 op Pedersen. Hy liket dus kânsleas foar de titel, mar: "In misserke is sa makke. Elkenien makket wol wat misserkes op dizze baan. It gat is hiel grut, mar ik ryd foar wat ik wurdich bin."

Douwe de Vries stiet wer goed tsien sekonden efter Kramer.

Boppeyn it klassemint

# Namme Lân Goed te meitsjen op 10000m
1. Patrick Roest Nederlân
2. Sverre Lunde Pedersen Noarwegen 4.54
4. Sven Kramer Nederlân 18.26
4. Douwe de Vries Nederlân 29.50
5. Sindre Henriksen Noarwegen 50.14
6. Haralds Silovs Letlân 51.14

Letter op snein ride de manlju noch de ôfslutende 10.000 meter. Dy ôfstân set om 22.25 oere útein.

(advertinsje)
(advertinsje)