De Jong bliuwt Wüst nei 1500 meter krekt foar yn klassemint

03 mrt 2019 - 20:38

Nei de tredde fan fjouwer ôfstannen op it WK allround yn Calgary stiet Antoinette de Jong (tredde) yn it klassemint noch flak foar Ireen Wüst (fjirde). Dy lêste waard op de 1500 meter snein twadde yn in tiid fan 1.53.48. De Jong waard sechsde yn 1.53.96. Miho Takagi wûn de 1500 meter en bliuwt oan kop yn it klassemint.

Antoinette de Jong en Ireen Wüst - Foto: ANP

Wüst hie yn it foar hope in wrâldrekôr te riden. Dat dat der net yn siet, wie al gau dúdlik. Har earste rûntsje wie noch wol hiel sterk (27.6), mar dêrnei rûnen de tiden gau op: 29.5 en 31.0. De Jong koe har rit krekt wat flakker hâlde, mar it wie net goed genôch om in relatyf drege start noch goed te meitsjen.

"Schaatsen doet best pijn, af en toe", sei Wüst nei de rit. "Alsof het bloed uit je lijf trekt." Tefreden wie se net. "Niet echt, nee. Ik ging er wel voor, de opening was wel goed. Maar ik krijg niet zo gemakkelijk de snelheid, ik moet er echt voor werken. Het was een solide rit, maar ik wil graag meer laten zien."

Op de 5000 meter hat Wüst in lytse efterstân op De Jong, dy't no tredde stiet. "Ik wil altijd het podium halen", sei Wüst, dy't yn oanrin nei de 5000 meter even rêste wol. "Ik ga even een matje opzoeken, rustig liggen en dan proberen goed hard rijden."

Klassemint

Miho Takagi wûn de 1500 meter yn in tiid fan 1.52.08, hast oardel sekonde rapper as Wüst. Martina Sáblíková, de nûmer twa yn it klassemint, waard op de 1500 meter fjirde yn 1.53.70.

Yn it klassemint hat Takagi op de 5000 meter no in foarsprong fan 14.99 sekonde op Sáblíková. De Jong stiet dus tredde op 16.08 fan Tagaki en Wüst moat 16.45 goedmeitsje op de Japanske.

Stân boppeyn nei 1500 meter

# Namme Lân Goed te meitsjen op 5000m
1. Miho Takagi Japan
2. Martina Sáblíková Tsjechië 14.99
3. Antoinette de Jong Nederlân 16.08
4. Ireen Wüst Nederlân 16.45
5. Carlijn Achtereekte Nederlân 24.03
6. Ivanie Blondin Kanada 25.72

5000 meter

Letter op snein ride de froulju noch de ôfslutende 5000 meter. Dy set om 21.39 oere útein.

(advertinsje)