Duo Vlap en Lammers op 25 goals: "De combinatie loopt heel goed"

03 mrt 2019 - 20:21

Michel Vlap en Sam Lammers: in gouden duo foar Sportklup Hearrenfean dit seizoen. "De afstemming wordt steeds beter", seit Lammers. Vlap: "Ik ben veel naar hem op zoek, de combinatie loopt goed."

Ek snein tsjin Willem II fersoargen se wer in grut diel fan de produksje: Vlap skoarde op oanjaan fan Lammers en Lammers skoarde nei in baltsje fan Vlap. Tuskentroch skoarde Lammers ek út in strafskop dy't Vlap 'fersierde'. Alles yn de earste helte. "We hadden echt mooie aanvallen", seit Vlap. "We stonden gewoon geweldig te ballen. Dan kunnen we toch wel wat."

"Er zat veel dynamiek in het elftal", fertelt Lammers oer de earste helte. "We speelden goed met veel beweging en iedereen durfde te voetballen. Dat is mooi om te zien."

Benammen de 1-0 wie fraai. "Het was gewoon een mooie aanval", seit Lammers. Hy draaide goed by syn man fuort op links. "Er lag heel veel ruimte. Ik gaf 'm daarna tussen de keeper en de verdediging. Hij stift 'm daarna lekker binnen, moet ik zeggen." 'Hij' is yn dit gefal Vlap. "Ik raakte 'm lekker en ik wist ook direct dat-ie erin ging. Ik juichte ook al voordat-ie erin zat."

Michel Vlap en Sam Lammers - Foto: www.orange-pictures.nl

Dat se elkoar maklik fine, is dúdlik. Lammers: "Ook wanneer ik een keer in de bal ga, wat in mijn spel zit, dan probeert 'Vlappie' diepte te pakken. We kijken goed naar elkaar hoe we lopen en proberen elkaar aan te vullen."

De twadde helte snein wie in oar ferhaal. Dêryn spile Hearrenfean min en Willem II koe weromkomme yn de wedstriid. Vlap: "Ik dacht: wat zijn we nou in godsnaam aan het doen? We speelden de bal op een bejaardentempo naar elkaar toe. Dan creëer je niets en word je in de omschakeling weggecounterd." Lammers: "We wilden de score in de tweede helft uitbreiden, maar we werden bijna niet in stelling gebracht. Daar baal ik van. Dat is mede de schuld van de aanvallers hoor. Achterin was het tempo te laag en voorin te weinig beweging."

Uteinlik bleaunen de trije punten wol yn Fryslân en Hearrenfean stiet der no in stik better foar as in pear wike lyn. "We hebben een loodzwaar schema gehad na de winterstop", seit Vlap. "Dat je dan op zo'n rotplek staat is verschrikkelijk, maar we wisten wat eraan zou komen en dat we dan punten moesten pakken."

En wat kinne we noch fan it duo Vlap-Lammers ferwachtsje? De teller fan de twa stiet no op 25 doelpunten. "We doen het goed en scoren veel", seit Lammers. "Dat is hartstikke mooi. Hopen dat we dit nog uit kunnen breiden."

(advertinsje)
(advertinsje)