Trije slachtoffers by ûngelok

By in ûngelok op de Snitserdyk by Raerd binne sneontejûn trije minsken ferwûne rekke. In frou (64) út Raerd ried mei har man (66) fanút de rjochting Ljouwert nei Raerd en rekke nei alle gedachten op de ferkearde helte fan de dyk. Dêr kaam se frontaal yn botsing mei de auto fan in autobestjoerster (41) út Heech. De man út Raerd en de frou út Heech binne troch de brânwacht út de auto helle. Alle trije slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Om help te ferlienen wie ek de traumahelikopter oproppen.
De dyk hat in skoft ôfsletten west fanwege it ûngelok en it ûndersyk nei de tadracht derfan.