Kramer: "Fryslân docht der alles oan om dé greidefûgelprovinsje te bliuwen"

03 mrt 2019 - 20:00

"It giet miskien net sa hurd as de Fûgelbeskerming wol, mar we binne op de goede wei", seit deputearre Johannes Kramer. Hy reagearret op de krityk dy't de Fûgelbeskerming hat op de provinsje as it giet om it behâld fan de greidefûgels.

Skries - Foto: Henk Bootsma

Deputearre Johannes Kramer

De Fûgelbeskerming fynt dat de provinsje Fryslân te min docht foar it behâld fan de greidefûgels. Sa soe de provinsje it stribjen nei 10.000 briedpearkes skriezen nei 4.000 bysteld hawwe. En it geskikt meitsjen fan 40.000 bunder greidefûgellân is noch mar foar de helte realisearre. Fryslân ferliest sa syn status as dé greidefûgelprovinsje, sa fynt de Fûgelbeskerming.

Mear nuânse

Deputearre Johannes Kramer is ferantwurdlik foar it provinsjale greidefûgelbelied. Neffens him leit it allegearre wat nuansearder. "We hawwe noch hieltyd it doel fan 10.000 briedpearkes skriezen. It is in ambisjeus plan, mar we lykje it net te heljen yn de stelde termyn. Dus we nimme mear tiid om dat doel te heljen."

Kramer fynt it frjemd dat de Fûgelbeskerming de predaasje net neamt. "De stienmurd, de foks en de ferwyldere kat pakke in soad pykjes en greidefûgels. Dat is ek in grut probleem."

"De diskusje oangean"

It oantal greidefûgels giet rap nei ûnderen, en Kramer sjocht ek dat der noch in soad gebeure moat. "We moatte de diskusje oangean oer hokker kant we op wolle mei de lânbou. We moatte dan ek sjen nei de konsumint, de suvelbedriuwen en de Europeeske lânbousubsydzjes. We moatte it hawwe oer it hiele bioferskaat en it klimaat yn ús leefomjouwing."

(advertinsje)