Twa ferwûnen by brân yn soarchynstelling yn Appelskea

By soarchynstelling Zeuvenakkers yn Appelskea hat sneintemiddei in koarte, mar útslaande brân west. Dêrby binne twa minsken ferwûne rekke: in bewenner en in meiwurker. Op it kompleks fan de soarchynstelling wenje ferstanlik beheinden.
© De Vries Media
Foar sân oare bewenners wurdt nei in tydlike oare húsfêsting socht.
De brânwacht hie de brân nei in healoere ûnder kontrôle. Brânwachten út Easterwâlde en Appelskea ha meiholpen de brân út te meitsjen.