Degradant Mid-Fryslân kin krekt net stunte tsjin titelkandidaat Wageningen

03 mrt 2019 - 17:44

De kuorballers fan Mid-Fryslân ha snein krekt net foar in stunt soargje kinnen tsjin Wageningen, de koprinner fan de haadklasse B. It waard 29-27 foar de besikers.

Foto: Orange Pictures

Mid-Fryslân stiet op it sânde plak en liifsbehâld sit der net mear yn. Wageningen is koprinner en striidt mei Dalto en AW/DTV om de titel.

By it skoft wie de foarsprong foar Wageningen fjouwer treffers: 15-11. Yn de slotfaze kaam Mid-Fryslân tichterby, mar de Friezen koene it gatsje krekt net tichtsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)