Warkumer swimbad De Rolpeal fuortendaliks ticht om technyske problemen

03 mrt 2019 - 17:13

Fanwege technyske problemen is swimbad De Rolpeal yn Warkum fuortendaliks sletten. De technyske problemen soenen te krijen hawwe mei de klimaatbehearsking: it is of hiel waarm of hiel kâld.

Foto: Omrop Fryslân

Oant hoe lang oft it swimbad ticht bliuwt is net dúdlik. De sporthal kin wol gewoan brûkt wurde.

Swimbad De Rolpeal is ferâldere. In eintsje fierderop wurdt op it stuit in hiel nij sportsintrum mei swimbad boud.

Trefwurden: 
Warkum swimbad De Rolpeal
(advertinsje)