Sander Arends ferliest spannende dûbeldfinale yn Pau

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat mei syn dûbeldpartner Tristan-Samuel Weissborn de spannende finale fan it toernoai yn it Frânske Pau ferlern. Adil Shamasdin en Scott Clayton wiene mei 7-6, 5-7 en 10-8 te sterk.
© www.orange-pictures.nl
Yn de earste set kamen Arends en Weissborn mei 4-1 foar. Doe waard Arends op syn service brutsen. De tiebreak gie mei ien minibreak nei Shamasdin en Clayton: 7-4.
In set letter gie it lang gelyk op. Oant 5-5 wiene der gjin breaks. Doe sloech Shamasdin twa dûbelde flaters yn ien game. Dat smiet in break op foar Arends en Weissborn en direkt dêrnei ek de set.
De supertiebreak sette ek goed útein foar de Fries en de Eastenriker. Se kamen mei 6-4 foar en even letter stie it 7-5. Doe't it 7-6 stie yn de supertiebreak mochten Arends en Weissborn sels twa kear opslaan, mar doe gie it mis. Shamasdin en Clayton wiene better op de 'big points' en pakten de supertiebreak mei 10-8.

Twa wiken traine

Arends en Weissborn steane no op it 94e plak yn de ranking. De kommende twa wiken spylje se gjin toernoaien.