Rutte yn Fryslân: ferbreding slûs Koarnwertersân giet troch
De ferbreding fan de slûs fan Koarnwertersân giet troch. Dat sei premier Mark Rutte, dy't sneintemiddei op ferkiezingsbesite wie yn Ljouwert.
Rutte yn Ljouwert
Rutte moast tajaan dat de ferbreding wol hiel lang duorret, en ek dat der noch in gat fan sa'n 70 miljoen is, mar hy sei ta dat it allegear wol trochgiet.
Rutte net by LF2018
De VVD-lieder sei dat er spitich fynt dat er him net yn Fryslân sjen litten hat by ien fan de Kulturele Haadstêd-eveneminten. Rutte sei dat er dêr gjin tiid foar hân hat.
Dêrop reagearret Sjoerd Feitsma, wethâlder yn Ljouwert. "Yeah, right", skriuwt er op twitter. "Wat een belediging voor Fryslân."