Hearrenfean nei oerwinning op Willem II yn linkerrychje

03 mrt 2019 - 16:22

SC Hearrenfean hat snein yn it eigen Abe Lenstra Stadion mei 4-2 wûn fan bekerfinalist Willem II. Dêrmei jouwe de Friezen de oerwinning op Fortuna fan ferline wike in goed ferfolch. It is de earste thúsoerwinning foar Hearrenfean sûnt 1 desimber ferline jier. Hearrenfean stiet no op it njoggende plak.

Foto: www.orange-pictures.nl

Michel Vlap sette Hearrenfean al nei trije minuten op foarsprong. Spits Sam Lammers spile himsels frij oan de linkerkant; debutant Victor van den Bogert wie gjin partij. Lammers sette fan de linkerkant ôf foar op Vlap, dy't mei in soad gefoel de bal oer Timon Wellenreuther hinne wipte.

Jan Olde Riekerink

In pear minuten letter wie it wer raak. Nei in moaie aksje fan Vlap oan de linkerkant woe er de bal weromlizze. Willem II-ferdigener Van den Bogert rekke de bal lykwols mei de earm en dus joech Martin van den Kerkhof in strafskop. Sam Lammers fersulvere 'm en sette de ploech fan Jan Olde Riekerink op 2-0.

Sam Lammers sjit de 2-0 binnen - Foto: www.orange-pictures.nl

It spul waard dêrnei in stik sleauwer. Nei in healoere spyljen krigen de besikers har earste kâns. Ald-Cambuurspiler Daniel Crowley krôle de bal krekt njonken de goal fan Warner Hahn.

VAR-goal

Twa minuten letter spile Vlap himsels frij fan Pol Llonch en hy joech de bal mei oan Lammers. Dy naam oan en fersloech Wellenreuther opnij. De assistint-skiedsrjocher stuts de flagge omheech foar bûtenspul, mar nei't de fideoskiedsrjochter de bylden besjoen hie, wie dúdlik dat Lammers krekt gjin bûtenspul stie. De goal telde dus: 3-0 Hearrenfean. Dat wie ek de stân by it skoft.

Sam Lammers fiert de 3-0 - Foto: www.orange-pictures.nl

Willem II wiksele net yn it skoft, mar kaam wol goed út de klaaikeamers. Spits Alexander Isak tûsjearre in mislearre skot fan Diego Palacios en skoarde dêrmei hast: de bal bedarre op de peal.

It wie in warskôgingsskot. De besikers waarden hieltyd gefaarliker. Hahn koe in fan rjochting feroare skot fan Isak noch mar krekt keare mei de fuotten.

Yn dy faze wie foar Hearrenfean allinnich Dennis Johnsen ien kear tichteby in treffer. Palacios wurke it skot fan de Yslanner mei de holle oer de goal.

Willem II wer yn de wedstriid

Dêrnei kaam Willem II dochs werom yn de wedstriid. In oanfal fan Hearrenfean rûn op neat út en Willem II begûn oan in counter oer in protte skiven. Yn earste ynstânsje siet Kik Pierie der noch tusken, mar dêrnei skeat er de bal yn de fuotten fan Damil Dankerlui. Dy lei de bal werom op Isak en hy makke de earste goal foar de Tilburgers.

Fiif minuten letter skeat Isak yn it sydnet, mar direkt dêrnei foel de oanslutingstreffer dochs. Renato Tapia ûnderbruts in oanfal fan Hearrenfean en sette Isak oan it wurk. Dy lei de bal breed op Vangelis Pavlidis en de Gryk skeat de bal fan de râne fan it strafskopgebiet ôf raak.

Ein oan offinsyf

Willem II gie troch mei it offinsyf, mar dêr kaam healwei de twadde helte in ein oan. Thomas Meissner begie in oertrêding op Lammers en krige in direkte reade kaart. Dat kaam Hearrenfean net min út, want mei tsien man wie Willem II in stik minder gefaarlik.

Foto: www.orange-pictures.nl

Pas doe't de wedstriid al yn de slotfaze siet, waard it út it neat dochs hast gelyk. Ut in foarset fan Tapia rekke Crowley de peal. Tapia besocht it yn blessueretiid sels, mar Hahn brocht rêding.

Noch letter yn blessueretiid makke Ben Rienstra dien wurk foar de Friezen: nei goed wurk fan Lucas Woudenberg skeat hy de 4-2 binnen.

Linkerrychje

Troch twa oerwinningen is Hearrenfean yntusken omheech sketten yn de stân. De ploech fan Jan Olde Riekerink stiet no njoggende mei 30 punten út 24 wedstriden.

SC Hearrenfean - Willem II 4-2 (3-0). 4. Michel Vlap 1-0, 10. Sam Lammers 2-0 (strafskop), 33. Sam Lammers 3-0, 54. Alexander Isak 3-1, 62. Vangelis Pavlidis 3-2, 90+4. Ben Rienstra 4-2

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Hornkamp (89/Dresevic), Høegh, Pierie, Woudenberg; Kobayashi, Rienstra, Vlap; Van Bergen (84/Van Amersfoort), Lammers, Johnsen (69/Mihajlovic)

(Advertinsje)
(Advertinsje)