Yn oanrin nei steateferkiezingen: listlûkers presintearje mei by Omrop Fryslân op de radio

As opmaat nei de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten op woansdei 20 maart hat Omrop Fryslân rom omtinken foar de ferkiezingskampanje. Yn it radionijsprogramma No yn Fryslân tusken 12.00 en 13.00 oere skoot alle dagen de listlûker fan ien fan de partijen oan. Dy listlûker is de hiele oere te gast.
© Omrop Fryslân
De listlûker fertelt oer him- of harsels, oer wat de reden wie om de polityk yn te gean. Yn it programma praat hy of sy mei oer it nijs fan dy dei, wurdt diskjockey as hy of sy in eigen favorite plaat oankundiget en praat ek mei yn it oersjoch fan it nijs op de social media.

Minske achter de listlûker

De minske achter de listlûker stiet sintraal, it partijpolitike ferkiezingsprogram komt yn No yn Fryslân even op it twadde plan.

Romke de Jong

As earste byt Romke de Jong fan D66 moandei it spits ôf.
© Omrop Fryslân
Mei elkoar dogge sechtjin partijen mei oan de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten yn Fryslân. Fan fjirtjin fan har komt de listlûker del yn No yn Fryslân. De partijen DENK en Forum voor Democratie ha der fan ôfsjoen om te kommen.

Wat docht Omrop Fryslân noch mear?

Staazje: 4-8 maart
Fan 4 oant en mei 8 maart rint ferslachjouwer Lennie Bronsveld staazje by de provinsje yn ferskate funksjes. Se wol útfine wat in steatelid docht en wat heart eins by it takepakket fan in deputearre?
Wetterskipsdebat: 17 maart
Yn it radioprogramma Buro de Vries is op snein 17 maart om 12.00 oere in wetterskipsdebat te hearren. De listlûkers fan de ferskate partijen debattearje oer aktuele wetterskipsûnderwerpen om sa de kiezers nei harren kant te lûken.

Listlûkersdebat: 19 maart
Ien dei foar de ferkiezingen wurdt op 19 maart om 19.00 oere yn it provinsjehûs in listlûkersdebat hâlden. Yn dat debat diskusearje de listlûkers oer aktuele en Fryske tema's.
Utslaggejûn: 20 maart
Op de ferkiezingsdei sels, woansdei 20 maart, steane de ferkiezingen de hiele dei sintraal by Omrop Fryslân. Mei de opkomstsifers, de stimming by de buro's en jûns in ferkiezingsútstjoering mei de lêste útslaggen. Fan 20.00 oere ôf sjocht Omrop Fryslân op de radio mei gasten werom op de ôfrûne bestjoersperioade en bringt sa gau mooglik de lêste útslaggen, de reaksjes dêrop en fansels tsjutting. Fan 22.00 oere ôf is dat ek te folgjen op telefyzje.

Neiprate: 21 maart
De oare deis binne op 'e radio yn it programma Fryslân fan 'e moarn de reaksjes op de útslach te hearren. Ek is Omrop Fryslân live by it moarnsbrochje fan it Wetterskip, dêr't de útslach fan harren ferkiezingen bekend makke wurdt.
Ek op telefyzje, yn Fryslân Hjoed, wurdt op 21 maart neipraten oer de ferkiezingen.
Alles oer de ferkiezingen is te finen op: Omropfryslan.nl/ferkiezingen.