SP-listlûker Schrier: "LF2018 tefolle betelle troch oerheden"

03 mrt 2019 - 14:03

SP-listlûker en deputearre Michiel Schrier fynt dat LF2018 tefolle betelle is troch oerheden. Yn 't foar waarden, neffens Schrier, optimistyk allegear bedragen ynboekt fan merkpartijen, mar úteinlik moasten benammen de provinsje en de gemeente Ljouwert ta de bûse.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Mar no't alles sa goed útpakt, geane de grutste finansjele rendeminten nei de merk. Dat moat oars fynt hy. Dêr moatte je yn it foar transparanter oer wêze. "Het gebeurt veel vaker, ook bij Thialf bijvoorbeeld. Er wordt altijd minder door de markt bijgedragen dan voorspeld en de overheid mag dan weer bijplussen. Dat moet echt anders."

Schrier sjocht wol dat LF2018 it nedige brocht hat, mar bliuwt kritysk: "Een èchte legacy zou zijn dat dat alle kinderen naar een muziekschool kunnen."

Michiel Schrier oer LF2018

Michiel Schrier die syn útspraken yn it Omrop-programma Buro de Vries.

Trefwurden: 
LF2018 Michiel Schrier SP
(advertinsje)
(advertinsje)