Foar tûzenen euro's stellen en fernield by deibesteging Spokedam yn Noardwâlde

03 mrt 2019 - 12:33

By deibesteging Spokedam yn Noardwâlde is yn de nacht fan sneon op snein ynbrutsen. In soad ark is meinommen en de skea is grut.

Foto: Lourens Looijenga

In meiwurker fan it bedriuw ûntduts de ynbraak sneintemoarn doe't er dêr materiaal ophelje woe foar de ATB-tocht dy't dizze snein by de Spokeplas hâlden wurdt.

Tûzenen euro's skea

Ut in iepenbrutsen kontener oan de Elsweg is al it elektryske ark stellen, lykas boskmeaners, kettingseagen en bledblazers. De skea soe yn de tûzenen euro's rinne.

Om yn it gebou te kommen is in rút fernield. Yn it kantoar wie in ravaazje oanrjochte. In kezyn en in doar wienen skansearre.

Slachboom fernield

By it betonfytspaad is in houten slachboom fuorthelle. Dêrfoar is in grutte peal út de grûn lutsen. Mooglik ha dieders dat dien om der mei in auto del te gean. De normale tagongsdyk foar auto's dy't by de Spokeplas stean wolle, wurdt alle jûnen mei in metalen slachboom ôfsletten. Nei alle gedachten is earst besocht om dy iepen te krijen, mar dat mislearre.

Goed in wike litte earder is fuotbalklup Olyphia oan de Elsweg yn Noardwâlde op ferlykbere wize dupearre.

(advertinsje)
(advertinsje)