PODCAST: It ferhaal fan it Eskimojonkje Minik yn New York

03 mrt 2019 - 12:00

In nij ferhaal út 'Het Gedroomde Noorden' fan de skriuwer en histoarikus Adwin de Kluyver út Ljouwert. Yn 1898 wurde twa Inuït-famyljes fan de iisflakten fan Grienlân mei in skip nei New York brocht. It Eskimojonkje Minik is dan acht jier. Hy sjocht syn eagen út yn de grutte stêd.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Minik is berne as soan fan Mannik en Qisuk yn Noardwest Grienlân. Op in dei wurde se, mei noch in oare Eskimo-famylje, troch de ûntdekkingsreizger Robert Edwin Peary meinommen op in skip nei New York. Se komme telâne yn de kelder fan it Natuerhistoarysk Museum en binne in attraksje foar de besikers.

Twadde ferhaal

'Kaap York, Groenland, een Eskimo' is de dramatyske skiednis fan Minik Wallace. It is it twadde ferhaal dat foarlêzen wurdt troch skriuwer Adwin de Kluyver yn de podcast 'Het Gedroomde Noorden'.

Diel 1 is hjir te beharkjen: 'Unst - Een klif'. Fan 10 maart 2019 ôf stiet ek it tredde ferhaal as podcast online: 'Stateneiland, Karazee - Een IJsbeer'.

Harkje hjir nei it twadde diel fan de podcast Het Gedroomde Noorden. Dit ferhaal is as podcast te finen yn iTunes of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS.

(advertinsje)
(advertinsje)