Dennis Veenker einiget op it dield sechtjinde plak op it WK bobslydzjen

03 mrt 2019 - 11:42

Op it WK bobslydzjen yn Whistler, yn Kanada, is Dennis Veenker fan It Hearrenfean mei Ivo de Bruin einige op it dield sechtjinde plak. Se joegen yn fjouwer runs 2,85 sekonden ta op de Dútske winners Francesco Friedrich en Thorsten Margis.

Foto: Viesturs Lacis

Friedrich hat foar de fiifde kear de wrâldtitel ferovere yn de twamansbob. Mei Margis wie de olympysk kampioen nei fjouwer runs goed in heale sekonde rapper as Justin Kripps, dy't dus sulver helle op syn thúsbaan.

Trefwurden: 
WK Dennis Veenker bobslydzjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)