Auto rekket yn de brân nei tanken by Haskerhoarne

In auto is sneintemoarn by it fuortriden fan in tankstasjon by Haskerhoarne flink beskeadige rekke troch fûle brân.
Auto rekket yn de brân nei tanken by Haskerhoarne
De bestjoerder soe nei it tanken gong meitsje om wer op sneldyk yn te foegjen, doe't noch op it parkearplak de auto yn de brân fleach. Hoe't dat barre koe, is net bekend.
De brânwacht wie gau teplak, mar koe net tefoaren komme dat de auto slim skansearre waard.
De bestjoerder koe op 'e tiid út de auto komme en rekke net ferwûne.