Fûgelbeskerming liedt de needklok: "Fryslân is aanst net mear dé greidefûgelprovinsje"

03 mrt 2019 - 09:02

De Fûgelbeskerming liedt mei opsetsin krekt foar de steateferkiezingen de needklok as it giet om de takomst fan de greidefûgels yn ús provinsje. Want as der wat is dêr't de provinsje ynfloed hat, dan is dat wol de kwaliteit fan ús natuer.

Skries yn in natuerreservaat fan Natuurmonumenten - Foto: Omrop Fryslân

Vogelbescherming Nederland sjocht oeral it tal greidefûgels ôfnimmen, mar sjocht te min aksje en jild fan de provinsje om dat te kearen. De ambysje om fan 7.000 spantsjes skriezen nei 10.000 te gean is yn 2017 nei 4.000 bysteld.

Boppedat is der besunige, seit de fûgelbeskerming. En fan de earder neamde 40.000 bunder geskikt greidefûgellân is noch mar de helte realisearre.

Aksjeplan

De provinsje moat ek folle mear stjoere op de prestaasjes fan natuerkollektiven en hanthavenje as der nêsten fuortmeand wurde. En der moat in aksjeplan komme foar de greidefûgels, lykas de provinsjes earder ek ôfpraat ha.

Oare saken binne it gebrûk fan keunstdong werombringe, optrede tsjin it tichtgoaien fan sleatten en ek mear jild ynsette.

Struktureel moatte der mear greiden ôfwurdearre wurde nei natuergrûn mei agrarysk gebrûk. Oars ferliest Fryslân de status as dé greidefûgelprovinsje fan Nederlân, sa warskôget de fûgelbeskerming.

Gjin skriezen, ljippen en tjirken

Oer sa'n fyftich jier binne der bygelyks gjin skriezen, ljippen en tjirken mear as de hjoeddeistige delgong trochset.

Kees de Pater fan Vogelbescherming Nederland

(advertinsje)
(advertinsje)