Moandei stoarm en swiere wynstjitten; warskôging foar ferkear
Ferkear moat moandeitemoarn rekken hâlde mei swiere wynstjitten fan 80-90 kilometer yn de oere. Oan de noardwestkust is der kâns op stoarm mei hiel swiere wynstjitten fan 100-110 kilometer yn de oere. Yn de rin fan dei nimt de wyn ôf. It KNMI hat foar moandei koade giel ôfjûn.