Meagere winst Cambuur op ONB

30 jun 2012 - 21:29

Sportklup Cambuur hat de twadde oefenwedstriid fan de tarieding mei 'mar' 3-0 wûn fan ONB. De Ljouwerters hiene it dreech om it tempo heech te hâlden en boppedat ferdedigden de Drachtsters kompakt. Toch begûn Cambuur aardich, want binnen fiif minuten makke Michiel Hemmen de iepeningstreffer. Pas krekt foar it skoft makke Mark Diemers út in fan rjochting feroare skot 2-0.

Nei it skoft bepaalde Melvin de Leeuw de einstân op 3-0. Ferline jier waarden de amateurs út Drachten noch mei 12-0 oan kant setten.

Trainer Alfons Arts hopet de kommende wike noch in pear spilers mei (in protte) ûnderfining by de seleksje te krijen. Sa komt de Deenske ferdediger Mathias Nielsen fan Nordsjaelland in pear dagen op proef meitrainen. Ek is de klup ticht by in akkoart mei in ferdediger fan in earedivyzjeklup. Om wa't it giet is net dúdlik, mar de klup dêr't hy foar spilet wol him foarearst noch net gean litte.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)