Sven Kramer tefreden oer sulver op 5 kilometer: "Dit is wat it is, ik hie net in streep hurder kinnen"

03 mrt 2019 - 07:19

Nei de earste dei fan it WK allround yn Calgary stiet Sven Kramer tredde yn it klassemint. Op de fiif kilometer waard er twadde. Hy wie tefreden oer syn 5.000 meter.

Foto: Martin de Jong

"Dit is wat it is, ik hie net in streep hurder kinnen", sei er nei ôfrin tsjin de NOS. "Ik ha gewoan tefolle tiid ferlern op de 500 meter. No ja, kwa kilometers binne we noch net op de helte fan dit WK, dus wa wit wat noch mooglik is." As Kramer wrâldkampioen allround wurdt, is er dat foar de tsiende kear yn syn karriêre.

Oer syn earste rit, de 500 meter, wie er minder tefreden. "Ik ferlear al fuort tefolle tiid op de 500 meter en dat kin net mei Patrick en Sverre as konkurrinten. Dan pak ik net samar wat sekonden op dy fiif kilometer."

Klassemint

Yn it klassemint stiet Patrick Roest earste. De Noar Sverre Lunde Pedersen stiet twad. Douwe de Vries fan Hallum stiet fjirde.

Programma

Snein steane foar de manlju noch twa ôfstannen op it programma: 1.500 meter en 10.000 meter. Oer dy ôfstannen seit Kramer: "Ik sil ride foar wat ik wurdich bin."

(advertinsje)
(advertinsje)