Sven Kramer pakt sulveren medalje op 5000 meter WK allround

03 mrt 2019 - 00:11

Sven Kramer hat sneontejûn in sulveren medalje helle op de 5000 meter fan it WK allround yn Calgary. De Fries ried yn in tiid fan 6.08.83 nei it twadde plak. Hy moast de winst op it Kanadeeske iis oan Patrick Roest litte (6.08.27). Douwe de Vries fan Hallum waard fjirde mei in tiid fan 6.12.72.

Sven Kramer - Foto: www.orange-pictures.nl

It tredde plak op de 5000 meter yn Calgary gie nei Sverre Lunde Pedersen yn 6.10.10. Hy begûn goed oan syn rit, mar sakke yn de lêste twa rûntsjes yn.

Klassemint

Yn it klassemint stiet Kramer tredde, op 2.18 fan Patrick Roest. Douwe de Vries fan Hallum stiet keurich fjirde op 3.50 sekonde.

(advertinsje)
(advertinsje)