Ireen Wüst en Antoinette de Jong net bliid nei earste dei yn Calgary

02 mrt 2019 - 23:06

Ireen Wüst en Antoinette de Jong fan Rottum wiene sneontejûn net bliid nei de earste reedryddei op it WK allround yn Calgary. "Mijn lichaam is gewoon op", sei Wüst, de nûmer fjouwer fan it klassemint. "By my gie alles op read, wat bin ik dochs in sukkel", sa eamele De Jong nei har twadde tiid op de 3000 meter.

Foto: ANP

Wüst joech nei har teloarstellende tiid op de 500 meter de titelstriid al in bytsje op. "Dat was een waardeloze rit"', sei se. "Het was meer rennen dan schaatsen, tot aan de kruising sowieso. Ook op mijn leeftijd maak je kennelijk nog steeds domme fouten. Ik wilde te graag mee met Takagi, maar kon haar niet bijbenen. Daardoor moest ik ook nog inhouden bij de wissel, want een botsing wil je al helemaal niet natuurlijk."

Gjin rêst yn 'e holle

Antoinette de Jong koe op de 3000 meter de rappe Sablikova net goed folgje. "Ik hie gjin rêst yn 'e holle. Dêrtroch wie ik net effektyf. Sablikova ried in geweldich wrâldrekôr, mar as ik yn har spoar meigien wie, hie ik no tichter by Takagi stien. Dêr bin ik frustrearre oer."

(advertinsje)