VC Snits ferrast mei oerwinning op koprinner Sliedrecht Sport

02 mrt 2019 - 22:56

De froulju fan VC Snits hawwe sneontejûn foar in ferrassing soarge troch te winnen fan Sliedrecht Sport. Yn de Sneker Sporthal wiene de Snitsers nei in spannende wedstriid mei 3-2 te sterk foar de koprinners fan de kampioenspûl.

Archieffoto - Foto: VC Snits

Sliedrecht Sport wie yn it foar de topfavoryt. Sy einigen as earste yn de kompetysje en wûnen earder al de supercup en de beker. Dochs seach VC Snits út nei it duel.

Snits begûn ek goed oan de wedstriid, de ploech kaam yn de earste set al gau op 5-0. Dêrnei wiene de teams oan elkoar weage. Flak nei de 18-18 makke Sliedrecht in gatsje en wûn de earste set úteinlik mei 25-19. Ek yn de twadde set gongen de ploegen lyk op. It wie dochs opnij Sliedrecht dat it punt pakte: 25-22.

Snits werom

De tredde set wie opnij spannend. Snits stie 24-21 efter, mar kaam werom en wûn mei 26-24. Ek de fjirde set wie in proai foar Snits; it waard 25-20. De fyfde set moast sadwaande de beslissing bringe. Snits kaam opnij op efterstân, mar dochs koe de ploech de skoare omdraaie en mei 16-14 winne.

Kampioenspûl

VC Snits stiet no twadde yn de kampioenspûl mei 8 punten. Woansdei stiet de folgjende wedstriid op it programma, dan reizget VC Snits ôf nei Ootmarsum om it op te nimmen tsjin de nûmer trije, Springendal-Set-Up '65.

(Advertinsje)
(Advertinsje)