Sulver foar De Jong op 3000 meter, Sablikova rydt wrâldrekôr

02 mrt 2019 - 22:38

Antoinette de Jong fan Rottum hat sneontejûn in sulveren medalje pakt op de 3000 meter yn Calgary. Op it WK allround dêr ried De Jong nei in tiid fan 3.58.25. Se moast hast fiif sekonden tajaan op Martina Sablikova, dy't nei trettjin jier it wrâldrekôr ferbettere mei 3.53.31.

Foto: ANP

Sablikova wie in fraksje rapper as Cindy Klassen, dy't yn 2006 op in tiid fan 3.53.34 útkaam. Troch de winst op de 3000 meter stiet Sablikova no twadde yn it klassemint. Miho Takagi giet noch oan de lieding yn Calgary.

Wüst sechde

Ireen Wüst kaam net fierder as in sechde plak op de 3000 meter mei 3.59.79. De seisfâldich kampioene sakke dêrnei nei it fjirde plak, op 3.54 sekonde fan Takagi.

(Advertinsje)
(Advertinsje)