Aris ferliest fan Landstede, nij klupbestjoer bekend

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn ferlern fan Landstede Basketbal út Zwolle. De Ljouwerters kamen goed mei mei de nûmer twa fan de kompetysje, mar wiene úteinlik net goed genôch. It waard 71-78.
© Aris Ljouwert
Aris begûn min oan de wedstriid en stie nei fiif minuten mei 6-18 efter. Dêrnei kamen de Ljouwerters werom en oan 'e ein fan it earste kwart wie it 18-26. Yn it twadde kwart waard Aris hieltyd sterker. De ploech bûgde de efterstân om nei in 38-36 foarsprong by rêst.
Landstede kaam better út de klaaikeamer en stie al gau wer foar en pakte troch nei 48-57. Yn it lêste kwart koe Aris net wer weromkomme. It waard dêrom úteinlik 71-78 foar de gasten.

Achtste plak

Troch it ferlies sakket Aris nei it achtste plak yn de kompetysje. Sânde is no Feyenoord, dat like folle punten hat. Apollo Amsterdam is njoggende mei twa punten minder.
Sneontejûn waard ek it nije bestjoer fan Aris bekend. Oan de ein fan dit seizoen hâlde Johan Meijer en Gert Schurer der mei op, en ek Paul de Jong set der in punt efter. De nije minsken binne Rudolf Knechtering (foarsitter), Sikke Smid (kommersje) en âld-Arisspiler Merlijn van der Meulen (technyske saken). Sita Epema bliuwt as bestjoerslid oan. Der wurdt noch in ponghâlder socht.