LDODK ferliest fan koprinner TOP yn Sassenheim

02 mrt 2019 - 22:09

De kuorballers fan LDODK binne sneontejûn yn Sassenheim tsjin in nederlaach oprûn. Tsjin TOP, de nûmer ien fan de Kuorbal League, waard it úteinlik 29-19.

Erwin Zwart mei LDODK-trainer Henk Jan Mulder - Foto: OrangePictures

De ploech fan coach Henk Jan Mulder spile op 'e nij sûnder Marjolijn Kroon, de topskoarder by de froulju. Sy hie noch tefolle lêst foar in earûntstekking. TOP stie fan begjin ôf oan op foarsprong en kaam op maksimaal seis goals foar (16-10). Flak foar it skoft koene Lieneke Pries en Marjon Visser de skea in bytsje beheine ta 16-12.

LDODK werom

Yn de twadde helte makke LDODK it noch efkes spannend. De Gordyksters kamen werom ta 18-16 en krigen meardere kânsen op de oanslutingstreffer. Dy foel lykwols net, en TOP profitearre optimaal. De regearjend lânskampioen lei de sterke punten fan LDODK lam en skoarde sels troch.

Yn de einfaze brocht Henk Jan Mulder ferskate spilers fan it twadde binne de linen, mar ek dy koene de grutste nederlaach fan dit seizoen net foarkomme. LDODK bliuwt foarearst tredde.

Takom wike: PKC

Takom sneon 9 maart spilet LDODK yn De Gordyk tsjin PKC, de nûmer twa. De Papendrechters soargen foar in rekôr troch de heechste skoare ea yn de Kuorbal League te heljen: tsjin KCC út Capelle aan den IJssel waard it sneon 52-21.

Stân Kuorbal League:

1. TOP (Sassenheim) 15-27

2. PKC (Papendrecht) 15-25

3. LDODK 15-22

4. KZ (Koog Zaandijk) 15-19

5. Fortuna (Delft) 15-18

6. Blau Wyt (A'dam) 15-16

Der binne noch trije duels te gean. De boppeste fjouwer ploegen spylje de play-offs om de lânstitel.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK TOP
(Advertinsje)
(Advertinsje)