Robert Post bliuwt Schouten foar yn Ljouwert, klassemint foar Sjoerd den Hertog

02 mrt 2019 - 21:19

Robert Post út Grinslân wie sneontejûn de bêste by de lêste wedstriid om de KPN Marathon Cup yn Ljouwert. Post wie op 'e einstreek mei in minym ferskil rapper as Simon Schouten, dy't twadde waard. Op it tredde plak einige Sjoerd den Hertog.

De finish by de manlju

De oerwinning yn it einklassemint fan de KPN Marathon Cup gie nei Den Hertog. Bêste Fries yn de Alvestêdehal yn Ljouwert sneontejûn wie Jorrit Bergsma. Hy einige op it achtste plak. Bergsma en Bart de Vries wiene de iennige twa Friezen yn de kopgroep. Bergsma wie yn foarm, ride goed, mar kaam mei syn redens yn in spleet te lâne en foel. "Ik kapitulearde mysels. Balen, want ik fielde my goed."

Bergsma

Foto: Orange Pictures
Foto: Neeke Smit

By de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

Trefwurden: 
reedriden KPN Marathon Cup
(Advertinsje)
(Advertinsje)