Sven Kramer njoggende op 500 meter WK allround

Sven Kramer is matich begûn oan it WK allround yn Calgary. De Fries ried sneontejûn in njoggende tiid op de 500 meter fan 36.41. Antoine Gélinas-Beaulieu út Kanada wie it rapst: 35.53. Op it twadde plak einige de Nederlanner Patrick Roest.
© ANP
Foar Roest wie de tiid in persoanlik rekôr. Titelkandidaat Sverre Lunde Pedersen út Noarwegen waard tredde mei 35.85.
De 36-jierrige Douwe de Vries ried sneontejûn in persoanlik rekôr yn Calgary. Mei de 36.46 einige de Nederlânsk kampioen allround op it tsiende plak.