Takagi wint 500 meter yn Calgary, Wüst en De Jong op poadium

02 mrt 2019 - 20:38

Miho Takagi út Japan hat sneontejûn op it WK allround yn Calgary de 500 meter by de froulju op har namme skreaun. Takagi bleau mei in persoanlik rekôr fan 37.22 har tsjinstanners Ireen Wüst en Antoinette de Jong fan Rottum foar.

Foto: ANP

Wüst sette op mei in flinke ôfstân de twadde tiid del: 38.46. Antoinette de Jong ried de tredde tiid yn in persoanlik rekôr fan 38.52.

(advertinsje)
(advertinsje)