Plysje trappearret hurdriders op de Fryske diken
De plysje hat sneon de rydbewizen fan in 30-jierrige ynwenner fan de gemeente Waadhoeke en in 46-jierrige Boalserter ynnommen. De beide manlju rieden fierstente te hurd mei harren auto's oer de Fryske diken.
De 30-jierrige man ried gemiddeld 118 kilometer yn 'e oere op 'e dyk tusken Bitgummole en Marsum, dêr't 60 tastien is. Hy krige proses-ferbaal en moast syn rydbewiis ynleverje.
Op 'e sneldyk A7 by De Jouwer ried de 46-jierrige ynwenner fan Boalsert 182 kilometer yn 'e oere. Ek syn rydbewiis waard troch de plysje ynfoardere.