Schouten pakt lêste KPN Marathon Cup, Kamminga wint einklassemint

02 mrt 2019 - 19:37

Irene Schouten hat sneon de lêste wedstriid fan de KPN Marathon Cup by de froulju wûn. Yn de Ljouwerter Alvestêdehal wie Schouten yn de lêste ronde de bêste en fersloech se Manon Kamminga by de einstreek. Imke Vormeer pakte it brûns.

De finish by de froulju

Manon Kamminga pakte wol de oerwinning yn it einklassemint fan de KPN Marathon Cup. Merel Bosma fan Snits einige yn de lêste wedstriid yn Ljouwert as fiifde. De ôfslúting fan it maratonseizoen is dizze wike de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân.

Kamminga

By de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

Foto: Neeke Smit
(Advertinsje)
(Advertinsje)