Fúzjeklup yn Burgum krijt de namme FC Burgum en blauwe klupkleuren

02 mrt 2019 - 18:40

De fuotbalklup dy't ûntstiet nei de fúzje tusken de twa Burgumers klups krijt FC Burgum as namme. Leden fan BCV, VV Bergum en de kombinearre jeugdôfdieling (BBC) koene freedtejûn en sneon harren stim útbringe.

Foto: Omrop Fryslân, Feije van der Meer

De ôfkoarting FC stiet foar 'fusieclub'. FC Burgum krige 86 persint fan de stimmen. De oare twa mooglikheden wiene Club Burgum en FF Burgum, wêrby't FF stie foar 'fuotbalferiening'.

Klupkleuren

Ek foar de klupkleuren mochten de leden stimme. 63 persint fan de stimmers keas foar de kombinaasje fan blau en donkerblau. De nije klup sil spylje mei fertikale streken yn dy kleuren. It broekje en de sokken binne blau. De oare mooglikheid foar de klupkleuren wie read-swart.

It logo fan de fúzjeklup bestiet ek út de kleuren blau en donkerblau. Dêrby stiet it jier 2019. Ek de jiertallen 1931 en 1949 steane yn it logo. Dy ferwize nei de oprjochtingsjierren fan VV Bergum en BCV. Om it logo hinne sit in râne mei de wurden "Hart voor de club, voor de sport, voor de omgeving".

Utkomsten

De útkomsten fan de stimmerij waarden sneon bekend makke yn de kantine fan BCV. De fúzje giet yn mei yngong fan takom seizoen. Henk Konings wurdt de trainer fan it earste alvetal.

De klups namen it beslút ôfskied te nimmen fan har hjoeddeistige trainers: Jasper Bouma en Jan Bruin. By in nije start as fúzjeklup heart ek in nij gesicht, fine de klups.

Trefwurden: 
fuotbal FC Burgum
(Advertinsje)
(Advertinsje)