Prolooch: Westra bêste fan NL

30 jun 2012 - 17:39

De Switserske hurdfytser Fabian Cancellera hat sneon yn de Belgyske stêd Luik de prolooch fan de 99ste Tour de France wûn. De hurdfytser hie 7 minuten en 13 tellen nedich foar it parkoers fan 6,4 kilometer. Hy bleau dêrmei de Brit Bradley Wiggins (2) en de Frânsman Sylvain Chavanel (3) krekt foar.

Lieuwe Westra fan De Tynje finishte nei 7 minuten en 33 tellen. Hy waard 24ste en wie sneon de bêste fan alle Nederlânske dielnimmers oan de Ronde. Bauke Mollema waard 28e yn 7.34, Pieter Weening 60e yn 7.38 en Maarten Tjallingii 93e yn 7.43.

Westra wie nei ôfrin net ûntefreden. Hy fûn de ôfstân fan 6,4 eins wat 'te koart' foar in topklassearing.

(Advertinsje)
(Advertinsje)