Swiere botsing tusken twa auto's op de Aldlânsdyk yn Ljouwert
Op de Aldlânsdyk yn Ljouwert binne sneontemiddei twa auto's mei-inoar yn botsing kommen. Hoe't dat krekt barre koe, is net bekend. De beide auto's binne troch de klap swier skansearre rekke.
Oft der minsken ferwûne rekke binne, is net dúdlik. Meiwurkers fan de ambulânse hawwe de ynsittenden wol kontrolearre. De plysje hat tydlik it ferkear regele, om't de auto's in grut part fan de dyk blokkearren.
In berger hat de twa skansearre auto's fuortsleept.