Harkemase Boys mei oertsjûging foarby DOVO

02 mrt 2019 - 16:36

Fuotbalklup Harkemase Boys hat sneontemiddei nei in sterke earste helte wûn fan VV DOVO út Veenendaal. Op sportpark De Bosk op De Harkema waard it 3-1 foar de gasthearen.

Foto: Orange Pictures

Yn de 25ste minút sette Dennis van Duinen Harkemase Boys op foarsprong. Tsien minuten letter wie it 2-0 troch Iloba Achuna, dy't syn earste offisjele doelpunt makke foar de Harkiten.

Krekt foar it skoft brocht Robert Stelpstra syn team sels noch in tredde goal. Ut in foarset fan Renken makke Stelpstra der mei in kopbal 3-0 fan. It iennige doelpunt fan DOVO foel út in strafskop. Enrico Patrick passearre dêrby noch mar krekt keeper Jansema.

VV Noordwijk

Takom wike sneon spilet Harkemase Boys wer in thúswedstriid; dan komt VV Noordwijk op besite op De Bosk.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys DOVO
(Advertinsje)
(Advertinsje)