Sander Arends nei finale Challenger yn Frankryk

De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat sneontemiddei tegearre mei Tristan-Samuel Weissborn de finale berikt fan de Challenger yn Pau. Yn de Frânske stêd wiene Arends en syn Eastenrykse maat yn twa sets mei 6-3 en 6-3 te sterk foar Andreas Siljestrom en Szymon Walkow.
© www.orange-pictures.nl
Arends en Weissborn hiene de wedstriid folslein ûnder kontrôle. De pear breakpoints dy't se tsjin krigen, waarden mei oertsjûging fuortwurke.

Finale

Snein spilet it twatal de finale yn Pau. De tsjinstanners dêryn binne de winners fan de wedstriid tusken Alexis Musialek en Mathieu Perchicot, en Scott Clayton en Adil Shamasdin.